Thûs

KFE001-300x294

Foarwurd seizoen 2017

It nije keatsseizoen sit der wer oan te kommen. Ek dit jier is it wer de bedoeling dat Keatsferiening Easterwierrum moaie, sportieve en geselliche wedstriiden organisearje sil.

Mar earst noch wat oars…….

De Jeugd Sponsor Aksje fan Poiesz is dit jier foar de 12de keer. Fanút it dorp Easterwierrum docht de Keatsferiening Easterwierrum mei dit jier by de Poiesz yn Mantgum. Mei de Jeugd Sponsor Aksje wurdt jild ophelle foar de feriening. By elke € 10,- oan boadskippen kriget de klant 1 gratis jeugdsponsormunt. Troch it sammeljen fan dizze munten en dernei yn de klupkoker te dwaan fan de keatsferiening, sil it sponsorbedrach oprinne en yn de kas fan de feriening belâne. De aksje rint fan moandei 6 febrewaris oant en mei snein 2 april.

Vriendelijke groeten,

Keatsferiening Easterwierrum